|
Damclub "de Miszet".
De Broekster damklup is oprjochte op woansdei 11 novimber 1936 mei it doel de leden oangenaam en nuttich dwaande te hâlden, it damen better te learen en te spyljen neffens de regels fan de Nederlandsche Dambond. De earste ynlis wie in kwartsje en de kontribúsje wie in dûbeltsje wyks. De leden wienen ferplichte har reedlik te gedragen. De jûn duorre fan san oant tsien oere en as men weibleau sûnder ôfberjocht, krige men in boete fan in kwartsje. As de klup opheft wurde soe, wienen de baten foar sneinsskoalle "Samuël". De oprjochters wienen S. Pekema, A. Zijlstra en S. Steenstra. Der wienen yn it begjin 21 leden en de minimum leeftyd wie fêststeld op santjin jier. De tsjerkeried w0e de konsistoarje net ferhiere aan de damklup. Doe kamen de dammers yn it gebou fan sneinsskoalle telâne. De hier dêrfoar wie doe ien gûne wyks. Yn'e mande mei de sneinsskoalle en de Grifformearde Jongelingsferiening waard in fergasser kocht om ljocht te krijen. Meine van der Meulen makke twa tafels en D.E. betelle de dambuorden.
De bêste dammers fan de Broek wienen doedestiids R. Hosper, H. Hoekstra en A. Zijlstra. Yn 1937 mochten de dammers foar it skoft net smoke, in regeling dy't yn 1985 op 'e nij ynfierd waard. Yn de winter fan 1939 moast de helte fan de leden opkomme yn tsjinst.
Yn 1943 wie de hear Drijfhout foarsitter. Neffens de doetiidske skriuwer like de foarsitter op in generaal en makke dêrom in protte yndruk op de leden. As foarsitter Net Smoke kommandeare, dan ferdwûnen sigaren en pipen opslach.
Oan de ein fan elk seizoen hie de klub in feestjûn yn skoalle. De leden fierden dan mei de froulju in toanielstik op.
Yn de begjinjierren is der ek in ring fan damklubs oprjochte dy't bestie út Eagmaryp, Langwar en de Broek. Yn 1947 waard de adspirante-ofdieling oprjochte foar leden tusken de tolve en de santjin jier. De adspiranten hoegden gjin ynlisjild te beteljen mar se mochten ek net stimme. Yn 1948 trouden H. Hoekstra en S. Pekema, se waarden lokwinske troch de oare leden en de hope waard útsprutsen dat de beide mannen net in misset dien hienen. De schenker was dit jaar dhr. Anne Noppert. Deze kameraad, van nature timmerman van beroep, is in feite een ideale kelner. Het is gewldig hoe sommige leden de slag er van te pakken hebben om nog een schepje suiker machtig te worden. Maar o wee als Noppert de lepert door heeft, hij kan gerust wezen dat zijn rantsoen de volgende week gehalveerd word. Yn 1954 kaam de damklub by it offisjele dambûn. It earste jier wûn de Broek fan Makkum en Achlum, mar fan Langwar waard ferlern. De Broek begûn yn de twadde klas en yn 1987 sit de klub der noch yn.
Yn 1956 ferhuze de damklub nei de konsistoarje want de sneinsskoalle siet nei ien Karel l al fol reek. Yn dat jier krige de klub ek foar it earst subsydzje fan de gemeente om klokken te keapjen. Yn 1957 waard ûnder foarsitterskip fan Drijfhout in wikselbeker ynsteld.
It jier dêrnei hie de damklub hast in ienmansbestjoer nei kreauwerij oer de sinteraasje. Lokkich waard dy krisis oersjochte en koe de feriening fierder mei in folslein bestjoer. |