Broek doarpke yn 't wetterlân fan Fryslân.
Broek. Bijgewerkt op 28-02-2010
IN BYTSJE SKIEDNIS.
Wa't de muoite nimt om op de hege brêge oer de Alde wei te stopjen, kin yn noardeastlike rjochting in prachtige bewenne streek lizzen sjen. Mânske pleatsen, boargerhuzen, rinstalen, hjir en der in kuilbult. In Ûnwittende passant tinkt dat er miskien mei in útbuorren fan de Jouwer te meitsjen hat, mar dat hat er ferkeard tocht.  Hy hat it each op de Broek, in ieuwenâld boeredoarp.
Nei alle gedachten kamen sa'n 750 jier lyn de earste kolonisten nei de Broek. It lân lei der foar wyld hinne, mar wie oe sa geskikt om oanmakke te wurden. De earste kolonisten kamen nei alle gedachten út de omkriten fan Snits. Se kamen mei in hiele ploech en praten yn't foar ôf, hoe't se it lân oanmeitsje soenen . Se fûnen in feanstreamke dat se wêr't it nedich wie útdjippen en ferbreden ta feart. Dernei waarden de hússteeën pleatst op de wal, yn prinsipe ûngefear like fier fan inoar of . 0m te soargjen dat de ôfwetteringssleatten rjocht rûnen, praten de ûntginners ôf dat se by it slatten in fêst punt yn'e fierte yn'e gaten hâlden soenen. Op de kaart is hiel dúdlik te sjen dat de Broeksters har op in oar punt rjochte hawwe as de Sniksweachsters. De minsken dy't hjir it lânoanmakken rjochten har op de toer fan it net mear besteande doarp Folprandegea. No leit der it Aldhôf, in krúspunt fan wetterwegen ûnder Twellegea. Op boppesteand plaatsje binne de ferkavelingsblokken fan Doanjewerstal en Wymbritseradiel werjûn. Foar 1398 bestie de gritenij Doanjewerstal noch net en hearde by Ald Wynbritseradiel. De eastlike grinzen fan de Broek leinen yn it begjin al fest. Yn de Noardbroek waard de eastgrins foarme troch de Slachtedyk, dy om't it jier 1100 hinne oanlein is. Yn de Súdbroek wie de Jonkersfeart de skieding. De doarpsgrins wie ek de grins fan Haskerlân en Ald Wymbritseradiel. De earste Broeksters hawwe grif in hiele put han om de sompige, drekkige grûn klear te meitsjen. Se moasten earst in hiel ôfwetteringssysteem opsette om it broeklân droech te meitsjen en te hâlden. Derby gienen se sa te wurk dat it nedichste it earst oanpakt waard.
Doe't yn de santjinde ieu de wettermûnen ynfierd waarden, karmen der mooglikheden om puoltsjes en sompkes droech te meaIlen. Yn de rin fan de tiid waarden gruttere hoeken lân en puollen ûnder hannen nommen. Dat proses is trochgien oant yn ús tiid.
Yn 1953 waard de Kromme Far pas droechlein en we kinne de ruilferkaveling fan 1967 sjen as de foltôging fan dat proses. De earste Broeksters sille it wol te drok han hawwe om fuort al in tsjerke te bouwen.
Earst moast it lân oanmakke wurde, dernei waard it doarp foarme. De tsjerkelisten út de trettjinde ieu fermelde net dat er yn de Broek in tsjerke stiet, wylst dat fan oare plakken út it dekanaat wol fermeld wurdt. De âldste skriftlike melding is út 1440. De namme wurdt dan stavere as Bruckes.Dêrnei folgje de skriftlike fermeldings gau opinoar en hieltyd wurdt de namme wer oars stavere: Bruckes, die Bruck, Brock, die Broec, indae Broeck, Brouck, in de Brueck, Broek en Broke. En yn in testamint út 1456 stiet in kear Broekstergae. Foar it selde jild hie ûs doarp hjoeddedei dusBroekstergea hjitten. In Broek wie altyd in leechlizzend, sompich stik lân. Hiel faak lei in broek ek op de grins fan twa gemeenten. Dat wie by ús broek ek sa.
Us broek is ûntstien yn de broek dy't de skieding wie tusken Haskerlân en Ald-Wymbritseradiel. In Dútske professor tinkt ek dat de Broek om 1200 hinne ûntstien is en hy seit dat de namme doe utsprutsen waard as Brook,en dat de minsken it as Brokskreaun hawwe. Yn de sechstjinde ieu is de Broek útgroeid ta in folslein doarp.
Njonken boeren en fiskers, hawwe der grif ek ambachtslju west. Yn de Snitser Resesboeken wurdt ûndermear in Peter Wielmaker út de Broek neamd. De aktiviteiten njonken it buorkjen sille ûntstien wêze trochdat de Broek oan in drokke farwei lei en by in drokke krusing fan lân- en wetterferkear, te witten de Jouwer.
It ferkear dat fan de súdlike wâlden nei de kaai gie, hie it paad oer de Hearrewei.
De Hearrewei wie de wei oer in sânréch yn Haskerlân. Dy wei begûn al yn Opsterlân en rûn fan de Gerdyk ôf oer Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert, Terbant, Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en de Westermar nei de Jouwer ta.
By Westermar koe men rjochtsôf slaan en in fuotpaad nimme dat oer Sniksweach nei de Lege Wâlden late. Dat paad wie wiet en drekkich en derom sille de measte reizgers foar de Lege Wâlden meastentiids by Westermar (dat lei tusken de rotonde en de âlde tsjerktoer op de Jouwer) rjochtút gien wéze. Sa kamen se oan de ein fan de Hearrewei. De hjoeddeiske Midstrjitte leit op de Hearrewei. Oan de ein fan de Hearrewei wie in syl yn de Slachtedyk en dér wie in drokke oerslachhaven. It wie in útbuorren fan Westermar en it hiet
de Jouwer.
In kronykskriuwer skriuwt yn 1622 dat de Jouwer foar de bewenners fan de klaai in moaie trochgong wie om nei Grinslân, Twinte, Drinte en Oerisel te reizgjen. Fierder kaam der frijwat ferkear fan Utingeradiel, de gritenij der't Akkrum it haadplak fan wie. Dy skippen gienen troch de Feitehernesyl.
Op de kaart is te sjen wêr't dy syl yn de Slachtedyk siet. It wie de doarpssyl fan Eagmaryp. Der gienen dus hiel wat skippen troch de Broeksterfeart, laden mei turf, fee, suvel en nôt. Foaral doe't nei 1450 op de Jouwer in merke ûntstie, dy't groeie soe ta ien fan de grutsten fan Fryslân, sil der in protte ferkear troch de feart kommen wêze. Ek doe't yn de achttjinde ieu hiele hoeken fan Haskerlân en Utingeradiel ferfeante waarden, bleau it drok op de Broeksterfeart. Yn dy tiid makke de lânbou ek in tiidrek troch fan grutte bloei. Op merken waard in protte fee, bûter en tsiis ferhannele dy't dan mei skippen nei it bûtenlân útfierd waard. Sa't de Broeksters fan hjoeddedei de wite seilen fan de plezierboaten op de Sylroede sjogge, sa seagen ús foarâlden de seilen fan de kofskippen dy't fiere reizen oangienen. It is dan ek net nuver dat de tsjerke fan de Broek wijd wie oan de skutspatroan fan de reizgers en elkenien dy't mei ferfier te meitsjen hat, Sint Kristoffel. It ferhaal fan dy hillige stiet by it haadstik oer de tsjerke. De earste boarnen dy't ús ynformaasje jouwe oer de lânferdieling yn de Broek binne de Beneficiaalboeken. Keizer Karel V joech yn 1542 opdracht in wiidweidige ynfentarisaasje te meitsjen fan tsjerke-eigendommen yn Fryslân. Hy hie it idee dat der fierstentefolle mei dat goed rommele waard en dêrom moast mar ris goed fêstlein wurde wat de besittings fan de parochjes wienen.De pastoar fan de Broek, hear Sytthia (âlde foarm fan Sytse), beskreau de besittings fan de tsjerke neffens de tastân fan 6 febrewaris 1543. De Broekster tsjerke hie goed foar de patroan, foar de tsjerke dus, foar de pastoar en foar de fikaris. In fikaris wie in jongere helppryster. Guon fan dy lannen waarden ferhierd, de hier wie dan foar de tsjerke, de pastoar of de fikaris. Oare lannen koenen se sels brûke. De pastoar en de fikaris fan de Broek buorken sels ek en koenen sadwaande yn harren eigen ûnderhâld foarsjen. Hear Sytthia krige syn ynkomsten út 57 pûnsmiet lân dat ferdield wie oer sântjin kampen dy't yn grutte fariearden fan ien oant sân pûnsmiet. Fierder soe hear Sytthia de opbringsten hawwe moatte fan in pear pleatsen, mar hy fermeldt dat er dy net kriget, of mar in lyts part dêrfan. Ek klaget er oer hege lêsten by it ûnderhâld fan diken en dammen en andere onkosten. De pastoar neamt ek in protte nammen fan lannen en wetters. Hy hat it bygelyks oer deweelwael (wielswal),dy lyttye schar (de lytse skar), de gerswey, die graete schar (de grutte skar), die alde wey, de Bolten,it ommerlandt, de dycksloot, die scheenslaet (de skiensleat=de Noardbroeksterfeart), en die weelcamp (de wielkamp). Der is ek in kamp lân dat slim te lijen hân hat fan ôfslaan. Neffens de pastoar is yn 1532 in hiele hoeke ferlern gien by in grutte wetterfloed. De pastoar hat syn opjeften skreaun yn in mingtaal fan Frysk en Hollânsk, de fikaris hat alles yn it Nederlânsk skreaun. Kenlik wie de pastoar noch ien fan it âlde stimpel.De fikaris jout op dat hy syn ynkomsten krijt út 37 9/12 pûnsmiet lân plus acht koegang. It is no net mear fêst te stellen hoefolle dat west hat, mar it stelde fikaris Murck Wibez yn alle gefallen yn de gelegenheid om der acht kij op nei te hâlden. Hy neamt ek roch in pear lânnammen: dy't de pastoar net neamd hat, nammentlik de lange veer, nije slootswal, hoghe wechswal en de heronimuslanden.De acht kowegongen wienen ferparte oer twa stikken lân. It iene stik fan fjouwer kowegongen dûkt 157 jier letter wer ris op yn in keapakte. Yn 1700 keapet skoalmaster Eelert Haijes 2/3 fan in huzinge tusken it skoalhûs en de vicarievenne. De hûzen op It Noard 6 en 8 binne boud op dy fikaarjefinne. De finne rûn troch oant de sceen. De skien wie de namme foar de Slachtedyk dy't tusken de Broek en Sniksweach lei.
We wurde noch wat oars gewaar út de opjeften fan de pastoar. Njonken syn berjochten oer it ôfslaan fan lân en it djoere ûnderhâld oan diken en dammen, hat er it oer in groote aenfall van knechten. Hear Sytthia docht berjocht fan in pleach dy't fan minsken komt, rôverij en stellerij fan binden dy't it gea ôfstrune en harren guod fan oaren taeigenje. We ha hjir in ferslach út de earste han.
Yn dy tiid hienen de gewoane minsken dochs in protte te lijen fan it fjochters folk. De legerkes fan haadlingen (rike boeren mei in protte grûn en in stins) bestienen altyd út hiersoldaten dy't foar harsels soargen at se gjin jild krigen fan de baas. Ek doe't Fryslân fan de iene hear oan de oare oerdien waard, bleauwen hjir ûngeregelde troepkes achter. Troch ien fan dy legerkes waarden de Ouster Trijegeaën yn de brân stutsen. Dat wie yn 1516. Dy binde is nei de Lemmer ôfsetten, dat de Broek hat fan dy troep net te lijen han. Mar der wienen
mear. De Spaanske tiid wie ek in tiidrek fol drokte en ûnrêst. Hieltyd wer besochten Spaanske legers Fryslân yn te fallen. Omdat te kearen waarden oeral kompanjy's soldaten hinne stjoerd troch it bestjoer fan Fryslân. De gritenij Doanjewerstal moast de kompanjy fan de hear Van Nyenoort herbergje en ûnderhâlde. Alle doarpen moasten der oan bydrage. Fan 27 febrewaris oant 7 maart 1582 waard yn de Broek 568 gûne ophelle en dermei wie de Broek nûmer fjouwer fan de trettjin doarpen yn Doanjewerstal. Mar dat wie teminsten noch foar eigen troepen. Folle slimmer waard it in pear jier letter doe't de Broek besite krige fan in ploech Frijbûtsers. Wat wie nammentlik it gefal? De Spaanske legeroanfierder Verdugo lei foar Fryslân. It slagge him net om mei in leger Fryslân binnen te kommen. Derom stjoerde er Lytse ploechjes soldaten Fryslân yn. Faak wienen dy ploechjes yn boargerklean stutsen. Se hienen de taktyk om nachts of oerdeis troch binnenpaden it lân yn te gean. As it harren slagge namen hja minsken yn gizeling en gienen dermei werom nei stânplak Stienwyk. Foar de gizele minsken fregen se in heech losjild oan de ynwenners fan it doarp. Dizze smoarge manier fan oarlochsfieren koe der sels yn dy tiid net by troch. Steedhâlder Willem Loadewyk skreau dan ek oan Verdugo dat hy Frijbûtsers en ynslûpers beskôgje soe as strjitskeinders en se net behannelje soe as kriichsfinzenen.
Om I585 hinne kriget de Broek ek besite fan sa'nploech Frijbûtsers. Mar de Broeksters binne op har iepenst. Al wiken wurdt der yn de omkriten wachtrûn. De tsjerke wurdt derby brûkt as wachtlokaal. Op in jûn dogge de Broeksters wer in rûnde. Al wiken moatte se om bar in nacht opbliuwe om it doarp te behoedzjen foar Frijbûtsers. En dan yn de nacht hearre se it geklots fan in boom. Se tertrouwe it net, hiel stil wurde de oare manlju fan it doarp der by helle en at se mei in fikse ploech binne, sette se op it keppeltsje snoeshanen ta. De frjemden binne krekt dwaande by de wâl op te kommen. De foaroanman fan de Broeksters freget wa't se binne, mar oan de taal is fuort al te hearren dat de lju hjir net hearre. De frjemden besykje út te piken en it giet op in wrakseljen. Mar de oermacht fan de Broeksters is te grut. De beropsfjochters moatte belies jaan. De wapens wurde se ôfpakt en goed bewaakt wurde se nei tsjerke brocht. Der wurde se yn it hûnegat ûnder de toer smiten. Der sitte se, de fiif hiersoldaten. Fêstnommen yn de Broek, de deastraf hinget harren boppe de holle. Sa kin it bard wêze. Hoelang de Frijbûtsers der sitten hawwe, is net bekend. Wol is bekend dat de fiif soldaten letter, nei alle gedachten mear as twa jier letter, nei Ljouwert oerbrocht binne. Der moasten se foar it gerjôcht komme.
Se krigen net de ferwachte deastraf. Der waard graasje ferliend omdat se al sa'n skôft yn it hûnegat fest sitten hienen. Dat beslút waard nommen op 5 july 1588. It is net bekend hokker straf de manlju wol krigen hawwe. Miskien binne se frijlitten en hawwe se tsjinst nommen yn it leger fan steedhâlder Willem Loadewyk. Yn dat gefal hawwe se fjochtsje moatten tsjin de Spanjerts, harren eardere baas.
Oarkonde fan 5 july 1588 dêr't yn stiet dat de fiif Frijbûtsers graasje krigen hawwe.

Die Volmachten van Oostergoe Westergoe Sevenwolden ende Steeden opten tegenwoordigen Landtsdach Int Jacopinen
CIooster vergadert sijn geresolueerd dat die soldaten hen begevende van hun Vendelen comende vanden vijandt. ln dese Landen op plunderingen, rovingen te wechfoeringen van mensschen of te guederen te doen sullen nyet als Crijchluyden dan als Struyckrovers ende Straetschenders criminater vanden hove van Vrieslandt Judiceert ende gestraft worden dan mogen Lijden dat met den vijf lnden dorpe Broeck gevangen bij zijne Edele genadelijk gehandelt worde om hun lanckduyrige gevanckenisse nae luyt het appointement hun vanden Landen verleent ln kennisse onse handen voor ons selffe. Ende ter bede van den andere meede volm(achten) den VI Juli anno XVC achtendetachtich hier ondergeteekend Onderstondt voor Oostergoe Taecke van Mockema, Bote Oeges. ende voor Westergoe Tzallingh van Sixma Eme Aggez Ockema & voor den sevenwolden F tatmans fedde Ouckez & voor den Steeden Sijmen peters & S.potter. Accordeert mette auctentique deses. ln kennisse van mij F. Wybrandy
It hiele barren hat grif in grutte yndruk makke op de Broeksters. In hiel skoft hawwe de fiif manlju yn it dampe tsjustere gat ûnder de toer sitten. Alle ynwenners sille wol ris troch it beluchtingsgat loerd ha om te sjen hoe't dy op wetter en brea libjende boeven derút seagen, en har fol ôfgrizen ôfkeard ha en sein: wat sjogge se der gemien út net? Miskien waarden ûndogenske bern wol drige mei: Tink derom, oars stopje we dy by de boeven yn it hûnegat! Wat sille se bliid west ha doe't de soldaten nei in lang skoft ophelle waarden en dat der gjin gefaar fan ûntsnapping mear wie. Want men wist fansels noait hoe't dy smjunten dan tekear gean soenen.
Fol fjoer en spanning waard it ferhaal trochferteld oan bern en bernsbern. Doe't kronykskriuwer Winsemius sa'n tritich jier letter yn de Broek kaam, krige er in ferhaal te hearren dat slim optúgd wie mei optinksels út de folksmûle. De fiif Frijbûtsers wienen útwreide ta tritich rôvers en hienen in haadman dy't de Boerefijân neamd waard. Het dorp Goyngarijp is gelegen in 't lange ende heeft een kerck welbebout even als het dorp Brouck is alwaer gheduyrende de beroerten die seer bekende naem van den Boere-vijandt, met etlijcke ende dartich Soldaten ghevangen ende met den zijnen op eenen dach binnen Leeuwarden onthalst is. Yn de boeken fan it rjochtshôf yn it Ryksargyf te Ljouwert is derfan neat werom te finen, derom moat men foarearst mar oannimme dat de fiif Frijbûtsers en de ploech fan de Boerefijân ien en de selde binnie.
Mar der is noch mear. In âld hânskrift meldt it folgjende oer de Broek:in de toarn is en wulft, waar op nog het gat in de kerk is daar Bertrand
met zijn gezellen opgehangd werden. We witte net mear wat dat west hat. Hawwe de Broeksters it rjocht yn eigen hannen nommen? Wannear soe dat dan west ha en wat hawwe Bertrand en syn mannen dan úthelle? De wale fan de tiid hat dat yslike barren oerdutsen.
Om 1690 hinne komt kaartmakker Bernardus Schotanus à Sterringa yn de Broek om it doarp op te mjitten. Oan him hawwe we de prachtige kaart te tankjen dêr't op te sjen is hoe't de Broek der yn dy tiid hinne lei. De Broek hie 36 stimmen, dat hâldt yn dat der 36 hússteeën stien hawwe yn de tiid dat it stimrjocht ynfierd waard. Dat wie yn it begjin fan de sechstjinde ieu. De 36 stimmen kinne we noch neitelle op de Schotanuskaart. As we de tsjerke en de twa geboukes derneist (skoalle en skoalhûs) net meitelle, dan komme we op 22 boerepleatsen út. Der steane fjirtjin stjerkes op de kaart, dy jouwe ferlitten hússteeën oan. Dyjinge dy't it hoarnleger fan in stee kocht, hie dermei de stim fan dat stee ek kocht. It hoarnleger wie it plak fan de dongbulte, of it plak dêr't it fee nachts stie. De gelearden binne der noch net rjocht út. It wie yn alle gefallen in plak dêr't oaren oan sjen koenen hoefolle fee men hie. Men kin it ferlykje mei it tellen fan de kowerútsjes yn ús tiid. Op de keart fan 1690 binne fjirtjin hoarnlegers ferlitten. Nei alle gedachten wienen in protte stimmen yn besit fan grytman Taco van Burmania. In protte grytmannen soargen der foar dat se yn de helte plus ien fan de doarpen in fiks tal stimmen opkocht hienen. De eigners fan de stimmen hienen stimrjocht as der in dûmny, skoalmaster of doarpsrjochter beneamd wurde moast. Yn gritenijsaken hie elk doarp as gehiel ien stim. Grytman Johan Vegelin van Claerbergen, dy't Doanjewerstal bestjoerde fan 1722 oant 1772, hie ek in hiele protte stimhawwende steeën yn besit. Yn 1758 hie er sechtjin fan de seisentritich stimmen yn de Broek. In protte stimhawwend Iân ferhierde er oan Pytter Aukes. Dy Pytter Aukes hie sels ek twa stimmen yn besit mar we meie best oannimme dat hy altyd mei de grytman stimme soe. Jonker Vegelin koe sa de helte fan de stimmen stjoere. De grytman die ek de rjochtspraak yn de gritenij en waard derby holpen troch fjouwer bysitters. Dy bysitters waarden keazen troch de grytman út de ferstannichste manlju fan de gritenij. Bysitters fungearren as meirjochter. De niisneamde Pytter Aukes wie bysitter en stie dus op twa manieren yn relaasje ta de grytman: as lânhierder en as meirjochter.
 Op de Schotanus-kaart ian 1690 sjogge we hoe'n prachtich streekdoarp de Broek is. Alle gebouwen lizze oan it wetter. Der is noch in protte iepen wetter dat yn us tiid al lang Iân is. De tsjerke stiet, sa't it heart, moai yn de midden fan it doarp en de skoalle mei it skoalhus steane der neist. De pleats achter de tsjerke wie fan âlds it spultsje fan de fikaris. Yn 1749 hie de Broek 98 ynwenners, ferdield oer 24 húshâldings. De measte minsken fertsjinnen de kost mei buorkjen. Fierders wenne der noch in inkelde arm slovende man.
Yn 1811 moasten alle ynwenners in achternamme oannimme. Guon nammen dy't oannommen waarden, kinne we hjoed-de-dei noch werom fine yn de Broek, bygelyks Van der Hoek, Rypkema en De Vries. Mar de measte famyljes binne hjir al lang wei, Iykas de famyljes Van Toutenburg, Van der Ende, Remeri en Broekstra. Noch altyd is de Broek dan in mienskip fan boeren. Yn 1827 waard oergien ta skieding fan tsjerke- en doarpsgoed. Foar dy tiid wienen tsjerke en doarp noch ien. Alles wat fan tsjerke wie, wie ek fan it doarp.
Hjirûnder stiet hoe't de ferdieling yn de Broek wie. Teneinde over te gaan tot de afscheiding van kerk en dorpsgoederen. Waaromtrent is overeengekomen als volgt:
Ten eerste zal de kerk in eigendom hebben:- de kerk te Broek met het kerkhof,
- een tweede in de pastorie te Goingarijp,
- 2 bunder 94 v roeden weidland te Broek genaamd Kerkfenne,
- 1 bunder lO v roeden hooyland Bregtje 3 genaamd,
- 36 3/4 v roeden hooyland Holtig reed genaamd,
- een vaste rente uit de plaats van Pieter Durks groot negen gulden
vijfenveertig cents,
- een dito uit de plaats van Johannes Tijsses Schaap groot twee gulden
tachtig cents,
- een dito uit ongeveer zeven bunders land op Zwettepoelswal groot
één gulden en veertich cents,
- een rentegevende schuld ten name van den kerk te Broek groot negen
honderd gulden ingeschreven op no.10729 S.B. 4e deel no. 11121,
- een uitgestelde dito groot achttienhonderd gulden no. 9327 lett. b.
4e deel no. 996,
- kansbiljetten ieder à tweehonderd gulden no. 797949 A.B.C en D.
en een van duizend gulden no:718521.
En daarentegen bezwaard zijn:- met het onderhoud van kerk, kerkhof en 1/2 deel in de pastorij te Goingarijp.
- met alle lasten op het toebedeelde liggende uitgaan met heden.
Het dorp zal in eigendom hebben:- het klokhuis te Broek.
- de school en schoolhuizinge.
- 1 bunder l0 v roeden land te Broek, Buorfenne.
- 2 bunder 58 v roeden land aldaar Magere zeven.
- 1 bunder 10 v roeden land aldaar Magere drie.
- 4 bunder 77 v roeden land aldaar De kleine twaalf.
- 36 3/4 roeden hooyland in de Wiel.
En daarentegen bezwaard zijn:- met het onderhoud van het klokhuis, de school en schoolhuizinge.
- met de lasten op het toebedeelde liggende in te gaan heden.
- met zeventig guldens traktement aan den schoolonderwijzer.
Stadichoan binne we yn de nijere tiid kommen. De skiednis fan de lêste hûndertfyftich jier wurdt fierder yn partsjes it hiele boek troch beskrean.
TSJERKE
It hat altiten sa west, dat in doarp pas meitelde as der in tsjerke stie.
De Broek hat ek fan de âldste tiden ôf in eigen tsjerke han.
In tsjerkegebou wie altyd wijd oan in patroan, in hillige. De patroan fan de Broekster tsjerke wie Sint Kristoffel. Hy wie de hillige fan de reizgers
en elkenien dy't mei ferfier te meitsjen hie. Neffens de oarspronklike
leginde dy't út it fiere easten komt, wie der in reus mei in hûnekop. Hy
hiet Reprobus doe't er doopt waard krige er as nije namme Christophorus
Dat is Gryksk foar Kristusdrager. De namme waard ferbastere ta Kristoffel,
en de betsjutting joech ynspiraasje ta in nije leginde. Neffens dy leginde woe de reus de machtichste persoan op ierde tsjinje.
Dêrom gie er by de kening yn tsjinst. Mar hy kaam der al gau achter
dat de kening net de machtichste wie, want de kening wie stjerrende benaud
foar de duvel. Dêrom bea de reus de duvel syn tsjinsten oan. Mar wat wie
dat in ôfdijer, de duvel wie nammentlik bang foar Jezus Kristus. Doe begon
de reus te swalkjen, op syk nei Jezus. Op syn tochten kaam er in hearremyt
tsjin. Dy fertelde him dat er Jezus it bêste tsjinje koe troch pylgers dy't
nei it Hillige Lân reizgen, oer it wetter fan in rivier te dragen. Op in nacht droech de reus in bern oer it wetter. It bern waard ynienen hiel
swier. Sa swier dat de reus him hast net mear hâlde koe. It wie it Kristusbern.
Hy makke him bekend en doopte de reus fuortdaalk yn de rivier.
Kristoffel wie net allinnich de hillige fan de reizgers, hy wie ek ien fan de
fjirtich needhelpers dy't men oanroppe koe by pest, hagel en deadsgefaar. De
feestdei fan dizze hillige hat altyd 25 july west. Yn de midsieuwen stie faak
in byld fan Sint Kristoffel by de yngong fan de tsjerke.
Hy waard faak útbylde as in reus mei in jonge beam yn de han dy't er as stêf brûkte. Op it skouder siet meastentiids it Kristusbern.
 De âldste ôfbyldingen fan it tsjerkegebou steane op de Schotanus kaart anno 1690. Doe hie de
tsjerke in stompe toer. In idee fan hoe't de tsjerke der fan binnen útsjoen
hat kinne we krije fan in akte út 1618 (oernommen út De Vrije Fries 19) : It
giet oer de keap fan een seeckere legestede in Broexter karck, hebbende de
langhte van een graff ende den breedte tusschen de bancken, streckende
vanne toorn een treedtlanckte aff tot int oosten, so ende ghelijck d selve
legerstede als nu benodigt is, te weten dat sij tusken den toorn ende de
graven een treedslanckte ledich sullen laten leggen.... .....oock mede is
gheprecaveert dat coper gheholden sullen sijn de graeffen off haer legersteeden, hier voren verhaelt, ten minsten met alsulcke steen aen te floeren ghelijck die op nu ghefloert is off naemaels ghefloert mochte worden.
De toer stie yn 1618 dus ek noch foar de tsjerke en yn de tsjerke wienen grêven.
Yn it jier 1723 komt de tekener Jakobus Stellingwerf yn de Broek om in
tekening fan de tsjerke te meitsjen. De toer is dan al sloopt. Nei alle gedachten
hat de toer te folle te lijen han fan it lieden fan de klok. Dêrom waard de
klok yn in klokkestoel hongen.
De Broeksters hienen doe al hiel wat belibbe mei de klok. Dêrfoar moatte
we earst nei Goaiïngaryp ta. Yn it Frysk Sêgeboek fan S.J. v.d. Molen stiet
de folgjende sêge: Gongryp hie in pear moaie klokken yn it klokhûs hingjen, dy't sa skoan (0f fúl) letten, dat it stiek de Lju yn Snits dy't de klokken dêr hielendal hearre koenen de eagen út. Op in kear teagen hja nei Gongryp, hellen ien fan é beide klokken
út 'e stoel en bruiden dy ûnderweis yn 'e snitsermar. Sûnt steane de snitsers yn 'e
Legewâlden bekend as "Klokkedieven" en heart men soms op stille dagen út 'e djipten fan 'e mar wei sêfte klanken rûzen. Dat is dan de Gongrypster klok dy't ûnder wetter sels net swije kin.
Sa as it sa faak mei sêgen is, is der in bytsje fan it ferhaal wier. Allinnich
hat de folksmûle it ferhaal wat opsnuolke. O.Santema hat útfûn dat it wier
is dat de Snitsers in klok stellen ha. Mar dat wie net de klok fan Goaiïgaryp,
it wie de klok fan de Broek (It Beaken 1973). Hy fûn yn âlde boeken proses-
stikken oer de klokkerôf: Die van Sneek door enige personen in de jare 1588 uit den Dorp Broeck hebbende doen halen, en tot hun wille en gelieven binnen der voorsz. Steede doen vervoeren zekere hun costelick metalen clock, swaar geweest zijnde in gewigte ongeveerlick 4800 ponden, en die na hun wille te emplrereren, niet tegenstaande diverse bevelen, die hun by syn G(enade) ende Gedep staten van dese landen, dienende tot sestitutie van den clock gedaan waren, en daaromme wel behoorde, dat de Snekers aan die van Broeck restitueerden die rechte estimatie van den voorn clock, ten minsten 't gene sy uit saken van dien genoten hadden, bleven niet alleen om sulx te doen in gebreke dese en gene pretexten, weshalven de Ingesetenen van ged dorp haar daar over hebben aangesproken voor 't Hoff met dat gevolgd dat die van Sneek cum exp. Was, indien niet te betalen de regte waarde van dien.
It fûnis is útsprutsen op 3 april 1593. De oarspronklike klok is nea werom kommen. Yn 1600 kaam der in nije klok, de selde dy't hjoed-de-dei noch yn de klokkestoel hinget. Hy is getten yn Kampen, waacht 910 kg en hat in diameter fan 108 cm. Op de râne stiet: Henric Wegewart goot mi op dat pas als Anno 1600.
De klok waard altyd let by tsjerketsjinsten, begraffenissen en alle dagen in pear kear om de tiid oan te jaan. Dat barde om 8.00, 12.00 en 16.00 oere.
Yn de tweintichste ieu wienen der wer klokkedieven. Yn de oarloch waard de klok meinommen troch de Dútsers. Se woenen de klok omrane en it metaal brûke om kûgels te meitsjen. De oarloch wie foar de klok krekt op tiid ôfrûn. Hy stie op de kade fan Harns en wie noch geef en hiel. Op de foto fan It Noard 21 is te sjen dat der eartiids in lykhúske Onder de klokkestoel stien hat. De klokkestoel waard yn de maitiid fan 1976 slim skeind in stoarm. Der folge in restauraasje en yn 1977 waard de fernijde klokkestoel yn gebrûk nommen. Mei de restauraasje is it dak wat heger pleatst om de galm better útkomme te litten. 
Njonkensteand printsje is tekene troch H. Tavenier yn 1785. It kin wol ris snein wêze, te sjen oan it folk by de tsjerke en de boaten op it wetter. De Súdbroeksterfeart wurdt op guon kaarten ek wol Broekster Kerkvaart neamd. De tekeningen fan Stellingwerf en Tavenier ferskille noch al wat. Dat komt nei alle gedachten net troch in ferbouwing. De tekeners hawwe beide it selde gebou tekene mar wat oars werjûn.
Oant 1580 ta wie de tsjerke Rooms Katholyk, Iykas alle oaren yn ús lan.
Yn 1580 waard de Roomske, earetsjinst ferbean. De prysters koenen kieze, meidwaan oan de nije leare, of ophâlde mei preekjen. De pastoar fan de Broek, hear Lubbert, woe de nije lear net ferkondigje en hy ferfear. Der wie yn dy tiid in grut tekoart oan dûmny's, dêrom waard yn 1585 de Hegeskoalle yn Frjentsjer oprjochte. De earste dûmny dy't kaam, moast de Broek diele mei Goaiïngaryp. Dat soe sa bliuwe oant 1951 ta. De earste dûmny wie Melchior Clant. Hy kaam hjir om 1601 hinne. Wannear 't er fuortgien is of ferstoarn, is net bekend. Syn opfolger Cornelis Meiledamius stie hjir fan 1619 oant syn ferstjerren yn 1635 of 1636.
Op 28 desimber 1636 waard de Harnzer Elias Hannonius hjir befestige. Hy ferfear yn 1641 nei Langwar. De Langwarder predikant Abrahamius Oberti Miederhuys kaam doe nei de Broek. Se ruilen fan plak omdat Miederhuys noch al wat lijen hie mei ferskate gemeenteleden yn Langwar. Ien fan de gemeenteleden der't er spul mei hie wie grytman Osinga. Miederhuys bleau hjir net lang. Yn it selde jier waard er noch beroppen te Haskerhoarne, Alde-en Nijehaske. Grytman Osinga aksele fûl tsjin, mar moast lang om let belies jaan doe't de klassis besleat dat Miederhuys fuort mocht. Wol moast de gemeente fan Haskerhoarne in fergoeding betelje fan fjirtich gûe fanwege syn koarte ferbliuw oan de gemeente Broek/Goaiïngaryp. Ek moast Haskerhoarne de kosten fan it mienskiplike miel op de dei fan de beropping betelje. De gemeente bleau twa jier fakant. Doe waard Gerarder Sixti, kandidaat te Frjentsjer, beroppen. Hy bleau oant syn dea, yn 1679, yn de gemeente. Seisentritich jier hat er hjir stien.
Nicolaas Heijnema waard hjir op 6 oktober 1680 befestige. In jier letter wie er Iykwols al stoarn.
Op 27 maart waard Rombertus Herens befestige. Hy bleau oant syn dea yn 1716. Syn opfolger Johannes de Schiffart kaam fan Emden út East-Fryslan. Hy hat hjir ek mar ien jier stien.
Bernardus Sylvius kaam fan Easterein en waard befestige yn augustus 1719.
Hy bleau hjir 43 jier. Yn novimber 1762 gie hy mei emeritaat, mar in moanne letter wie er ferstoarn.
Dûmny's dêrnei wienen:
- 1763-1777 Christiaan Jac. Bruining
- 1777-1790 Petrus van Gorcum
- 1791-1793 Petrus Goslinga
- 1795-1797 Egbert Schuil
- 1797-1801 Jacobus Wesselius
- 1802-1805 Johannes Karsten
- 1805-1810 rjebbe Spannenburg
- 1811-1812 Johannes Jac. Forison
- 1816-1817 Herman Frederik Theodorus Fockens
- 1817-1818 Pieter van Borssum Waalkens
- 1819-1820 Romke Sipkens Sevensma
- 1830-1889 Petrus Holkema
- 1891-1900 Ds. v.d. Meulen
- 1900-1908 Pieter Johannes Bakker
- 1908-1928 Wietze Albert van Bruggen
- 1931-1946 A.J. van Rhijn
Yn 1913 waard de âlde tsjerke sloopt en de nije boud.

Yn 1936 waard de gemeente tydlik kombinearre mei dy fan Terkaple en omkriten. Fan 1936-1947 wie dûmny T. Dokter de sielehoeder fan dy gemeente. De gemeente wie fakant fan 1947 oant 1951. Yn 1951 waard de kombinaasje mei Goaiïgaryp en Terkaple ferbrutsen. Sûnt dy tiid heart de Herfoarme tsjerke fan Broek by dy fan de Jouwer en Sniksweach. De dûmny's sûnt1951 binne: Ds. v.d. Veen, Ds. Venema, Ds. Verbaas,
Ds. Van Endt, Ds. Makkenze, Ds. Sonderen, Ds. Klouwen, Ds. A v.d. Beek, Ds.R. Bijl, Ds. J. Kanis, Ds. Klouwen en Ds. P. Lindhout.
Eartiids waard it sjongen fan de gemeente begelaat troch in foarsjonger . Dêrnei krige de tsjerke in harmonium. Yn 1984 krige de tsjerke in piipoargel. Ale Hosper hat it oargel út de tsjerke fan Boarnwert helle en hjir wer yninoar setten. It oargel is boud yn 1907 en hat in omfang fan seis registers. Alle wiken wurdt de moarns yn de tsjerke yn tsjinst hâlden. Geregeld wurde der ek oekomenyske tsjinsten hâlden. Fierder
wurdt de tsjerke brûkt foar oare aktiviteiten yn it doarp.
SKOALLE Likemin as fan de measte oare doarpen út de gemeente Doanjewerstal,
is der in namme oerlevere fan in Broekster skoalmaster fan foar de Roomske tiid. De earste skoalmaster dy't opdûkt yn de skiednis fan de Broek is Menno Hiddema. Hy wurdt neamd yn de boeken fan Deputearre Steaten yn desimber 1618. Hy stiet dêr omskreaun as schooldienaar in den dorpe Broek. Mar men kin rêstich oannimme dat der faar 1580 ek al ûderwiis jûn waard yn de Broek.
Op I desimber 1656 makken master Anne Briochters, schooldienaar in den dorpe Broeck bij de Jouwer, en syn frou Marij Sickedr. harren testamint op. In testamint waard meastentiids opmakke troch immen dy't al aardich op leeftyd wie, dêrom kin it sa wêze dat hy hjir doe al jierren stien hie. Yn juny 1681 troude Wijbe Jetzes, ûtfanger fan de Broek, mei Marie
Uijlckes fan Sleat. Hy hat nei alle gedachten de skoalmaster fan de Broek west, omdat ek hjir skoalmaster en ûtfanger ien en de selde persoan wienen. Sa wie in 1700 Eelart Haijes skoalmaster, ûtfanger en daarpsrjochter yn de Broek. Hy wie ûtfanger fan de florenen (grûnbelesting),
fan it reël en de spéië (personiele belesting). Y n 1719 is Eelart Haijes ferstoarn.
De nije skoalmaster kaam yn 1720. It wie Dirk Mastenbroek dy't it amt al earder yn Haskerhoarne dien hie. De skoalle waard wat opknapt en it tek mei nei reid bedutsen. Dat wie doe wenst mei de komst fan in nije skoalmaster. Hy troude op 26 desimber 1724 mei Tietie Sijtzedr. Syn traktemint wie f 80,- jiers. Om dat by inoar te krijen waarden de stimhawwende pleatsen oanslein foar f I,-, alle oare wennings foar in heale gûne. De tsjerke makke it bedrach fol. Foar 1728 moasten de eigners fan de pleatsen de oanslach betelje, dênei wie dat foar rekken fan de hierders. De tsjerke barde it skoaljild yn en kearde dat yn parten út. Master Mastenbroek is yn de maitiid fan 1733 ferstaarn. Yn syn testamint liet er f 20,- nei aan de earmen fan de Broek.
Yn 1734 krige master Pijter Jans f 80,- útbetelle omdat er in jier waarnommen hie. Hy neamde himsels Broekstra, nei syn wenplak. Yn maaie 1740 barde er foar it lêst syn traktemint yn de Broek. It is net bekend oft er doe ferstoarn of ferfard is.
Yn maaie 1741 krijt skoalmaster Geale Joustra f 60,- jiertraktemint betelle. De tsjerkfâden moasten grif besunigje, want it lean bleau f 60,- jiers. Yn it Quotisatie-cohier fan 1749 stiet dat hy al âld wie. Hy fersoarge ek de klok. Hy skreau himsels ek wol as Gaele Beeuwes. Yn 1755 is er ferstoarn. Nei it opknappen fan de skoalle en it nije reidtek, kaam master Ale Gosses yn novimber 1755 nei de Broek. De skoalle wie sels op'e nij ferve. It lean bleau noch op f 60,- jiers. Yn 1757 en 1758 waard der ek knap wat aan it skoalgebou ferspikere. De folgjende rekkentsjes binne bewarre bleaun: - Jacob Hendriks wegens timmerlonen aan de Broekster schole: f 57,- 16 st. Arjen Clazes van ijserwerk: f 6,- 19 st. 10 penn.
- Ale Gerrijts van materialen daartoe 97-5-8
- Mr. Ale Gosses wegens verschot, opperen en diensten aan de schole
- Foppe Humes van glasmaken en verven 9-15-10
- van reijd en zoden 3-10
- Andries Hijlkes reparatie van de wekken: f 2,
De ferkeap fan âld hout en stien brocht f 9,- en 4 stuorren op. Yn maaie 1760 waard it traktemint betelle oan Jan Gosses, grif in broer fan Ale Gasses. Jan Gasses hat fjouwer jier waarnommen. Yn maaie 1763 kaam master Wijbe Freerks of Frederiks. In maaie 1764 bar de hy syn traktemint fan f 60,- en noch ris f 5,- turfjild. Foar dat lêste moast hy sneins, as de dûmny fan Goaiïngaryp en de Broek hjir preke, de sielehoeder en de foarsjonger yn it ferwaarmde lokaal Ontfange. Master
Wijbe troude op 18 novimber 1764 mei Dieuwke Pieters fan Akkrum. Yn maart 1766 waard er as lidmaat oannommen. It traktemint kaam yn 1780 wer op f 80,-. Mar der waard wol alle jierren f 1,- fan syn traktemint ynhâlden omdat er noch in baatsje ôfbetelje moast dat er fan tsjerke krigen hie. Fyftjin kear is dy gûne ynhâlden. Fan de oanslach is nei 1785 net folIe mear te fernimmen. Yn maaie 1787 jout de tsjerke f 1,- en 16 stuorren út faar in reinwettersfet foar de skaalmaster. Nei dat jier wurdt de skoalmaster syklik. De tsjerke moat geregeld jild betelje oan de chirurgijn, mr. Obbe Gerbens, foar medisinen. Yn maaie 1798 is it mei de âlde doarpsrjochter en skoalmaster ôfrûn. Nei syn ferstjerren ferkocht de tsjerke de helte fan syn ynboel, de oare helte mocht de widdo hâlde. Oan Eile Pieters waard f 6, betelle foar it deafet. Gauachtich ferstoar de widdo ek.
Neidat it skoalhûs goed himmele wie, kaam de nije master yn augustus 1798. Hy hiet Franke Claases en doe 't yn 1811 elkenien in achternamme oannimme moast, waard hy Remeri neamd. It traktemint bleau yn it earstoan op f 80,- jiers stean, mar yn 1807 waard dat op f 150,- brocht. Op 7 april 1799 troude hy mei de Broekster Jantje Hendriks. Doe 't master Franke Remeri yn 1818 ferstoar, maast de tsjerke syn widdo ûnderhâlde. Yn dy tiid krige
de ûnderwizer noch skoaljild oer syn traktemint hinne. Elk fearnsjier namen de bern seis stuorren mei sadat yn 1817 de 22 bern f 14,- oan skoaljild opbrochten.
Yn novimber 1818 waard Sijtze J. Scharstra ta skoalmaster beneamd. Hy krige in fergoeding fan f 2,- wyks. By Keninklik Beslút waard oan de Broek yn 1819 in talage fan it ryk takend. Fiif jier soe it ryk f 100,- jaan. Yn oktober 1820 waard der wer in nije master beneamd. Wietze Jentjes Coopmans begon op 7 novimber. It traktemint wie no f 100,- fan it ryk,
f 80,- fan de tsjerke, it skoaljild dat de bern meibrochten en frij wenjen.
Der waard stimd yn de herberge fan G. v.d. Weide dy't f 10,75 foar de fertarrings krige. By sokke gelegenheden waarden de stimrjochte boeren troch de tsjerke traktearre.
Wietze Jentjes Coopmans waard berne te Wergea yn 1797 en wie mei sechstjin jier al ûndermaster yn Berltsum en hie de fjirde rang. Trije jier letter wie
er skoalmaster tredde rang en kaam doe yn de Broek. Dêr learde er troch
en helle yn oktober 1821 de twadde rang. Dat wie it summum fan skoalmasterlikheid yn dy dagen. De earste rang waard tige seldsum helle, ek omdat noait ien dêrfoar learde want men hie der gjin inkele foardiel fan. De skoalle en it skoalhûs wienen noch altyd fan de tsjerke. Yn 1830 waard der wer in protte aan ferklost. Letter waarden de skoallen oerdien oan it doarp. De nije wet op it leger Onderwiis gie yn 1857 yn wurking. De ûnderwizers krigen mei yngong fan 1 jannewaris 1861 in fêst traktemint fan de gemeente. De skoalmaster yn de Broek krige f 400,- en frij wenjen. Tsien jier letter waard it traktemint mei f 50,- ferhege. It skoaljild wie doe ôfskaft yn Doanjewerstal. Noch altyd stie master Coopmans yn de Broekster skoalle. Yn 1870 luts de gemeenteried f 20,- út om syn fyftichjierrich jubiléum oan de Broekster skoalle mei in presintsje te betinken. Oant 1 july 1880 ta is master Coopmans foar de klasse bleaun, doe krige hy earfol Ontslach. Hy wie doe 83 jier. Yn totaal hie er 66 jier foar de klasse stien, en dêr sechstich fan yn de Broek. Master Coopmans is ferstoarn op 9 febrewaris 1883, 85 jier wie er doe. Master Coopmans hat altyd in protte foar it doarp dien. Sa hat er him ûnermear ynset foar in wei in de Broek. Fierder die er altyd in protte yn it ferieningslibben. Sa 24 jier wie er direkteur fan it Jouster sjongselskip en de selde funksje hat er ek han by de Departmints-sjongskoalle. De opfolger fan master Coopmans kaam hjir mei reboelje. De skoalle fan Dunegea waard opheft en de ûnderwizer woe graach nei de Broek ta. De gemeenteried pleatste Ruurd Gearts de Haan op eigen fersyk oer, mar de Broeksters hienen leaver in iepen proseduere. In adres fan de Broeksters aan Deputearre Steaten waard ôfwiisd. It traktemint stie yn 1881 op f 680,- en frij wenjen. Yn 1910 krige Ruurd de Haan ûntslach as skoalhaad en boekhâlder fan it earmbestjoer, omreden fan âldens.
Nei him stienen aan skoalle: - Siemon Schiere 1910-1914
- Juffer D. Regenbogen 1911, hja wie de earste twadde learkrêft.
- K.W. Bilijam 1915
- H. Weijer 1915-1918
- P. de Waard 1918-1926
- Piet de Jong 1927-1930
- F. Sipkema, waarnimmer yn 1930
- R. oosterkamp 1931-1933
Op oanstean fan it ministearje fan ûnderwiis waard de skoalle op 1 jannewaris 1934 opheft.
De âlde skoalle waard yn 1896 sloopt en in nije wer boud. Dat koste f 4298,- Hjirûnder in ôfdrukje fan de boutekening.  
Gedichten
| SKOALLE It LYTSE DOARPKE | | | Ik bin op jierren, mar myn tinzen Gean noch faak nei it doarpke ta, Wêr't myn skoallejierren binne fertige, En ik ûnderwiis geniete ha.
| | | Froed en from dêr op dat skoaltsje, As bern, tsjin fjirtich yn getal, Rooms sawol as fyn en grauwen, Spultsjes dyngen of keatsebal. | | | Oer trije klassen gyng de juffer , En moast mei de lytste bern te set, En de heechste fjouwer klassen, Waard troch de master meast mei red. | | | Wykliks in oere frageleare Yn 'e konsistoarje by Gosse. Marg. Ds. Van Bruggen as sieleharder , Stie foar geastlik fiedsel boarch. | | | Tankber wol ik noch elts betinke Dy oan myn foarming wurke hat. Fêst binne sy al lang be-ierdige Noch bring 'k yn tinzen har hulde ta. | | | De doarpsbewenners, altyd warber, Drok yn 't spier faar It deistich brea, Lâns feart, oer poel en opfeart farre Mei pream af skou om gers en hea. | | | Folle is der no yntiid feroare: Ik sjoch nin pream noch mûne mear. Brede diken, grutte brêgen, Mar priuw net mear dy alde sfear.
| | | It skoaltje is al lang te siele, It doarp aan bloedearmoede kwynt, 't Proses, oantrúnd trach rékréaasje, It libben út mannich went ferdwynt. | | | Te midden stiet it smoute tsjerkje, Mei de Davidstjer ta it Easten keard, Hoe folle slachten dér net bidden, Foar it antlit Gods dêr knibbeljen leard? | | | O Hear, wol 't doarpke en 't tsjerkje hoedzje, Neist harren yn de branning stean, En 't folk, Jo help mei rom en ear fergoedzje En oan Jo hân troch delten wer nei hichten gean. | | | | A.
|
| BROEKSTERFEART, WAT BISTE MOAI! | | | Broeksterfeart, wat biste moai! Ast dér leist yn sêfte slomme, Fan dat rûzjend grienomblomme, Broeksterfeart, wat bist dan moai! | Handich draait s' al oan en wei D' amers om yn 't kleare wetter, En yn pearels blinkt dat wetter Yn de neiglâns fan de dei. | | | Yn de stille simmerjûn Bin ik oer dyn weachjes gliden, Wat hast, yn dy gouden tiden, My in súvre wille jûn. | 0, wat sjocht hja nei de grûn,
Om har troanje yn 't wiet t' oanskôgjen, Leaflik, om jin wei te tôgjen Yn sa 'n stille simmerjûn. | | | 'k Waard, by 't stjerren fan 'e dei, Yn dyn pracht myn soargen bjuster, Sjoch, sa wurdt dy sleat, sa tsjuster, Blier yn 't griene beamte wei!
| Broeksterfeart, wat bist doch moai,
Ast' dér leist yn sêfte slomme, Fan dat rûzjendgrien omblomme, Yn dyn bliere simmertoai! | | | Flinke pleatsen sjogge jo,
Heal yn 't friske grien beskûle, En de faam spielt yn de kûle Rêdsum d' earnen amers ou. | Mar no leist dêr as in bern Laitsjend yn de griene gloppe,
Mei dyn klear each blau nei boppe, Nei dyn himelmem te sjen. | | | | Piter Jelles Troelstra |
lIsclub "it Súdwiede".
Op trije jannewaris 1941 wie der in gearkomste fan tweintich minsken yn it houten sneinsskoallegebou "Samuel".
It doel wie it oprjochtsjen fan in pleatslike iisklub. De twa oprjochters wienen de hearen Sietze Pekema en Herre van der Ley. Yn it earstoan wie der gjin fêste baan om op te riden. De earste westriden binne doe ferriden op de Kromme Far yn de Súdbroek en op de Swettepoel
It bestjoer besocht doe in fêste baan by de Sylroede te krijen, maf omdat it folk hieltyd nei de Sniksweachster ikkers gie, hat dêr oant de ruilferkaveling ta in baan west. Yn de gloarjejierren, tink aan 1952, hie ús iisklub de earste koartebaan wedstriid fan Fryslân. Oan de start fan de wedstriden ferskynden in protte pommeranten út de riderswrâld, lykas Jan Pomper, Kees van Eikeren, Klaas Poepjes, Jan en Abe Lenstra. Bekende nammen wienen ek Martha Wieringa, Jantje Tienkamp en Sietske de Boer fan Sniksweach. In wedstriid wie altyd in prachtich barren en elkenien wie der by oanwêzich. It wie machtich gesellich op it iis en doe't ris in kear it praat troch de buorren gie dat der keninklike besite komme soe fan fjouwer prinsessen, waard fuortdaalk de flagge útstutsen by Douwe Egberts. Neidat ien útsocht hie wat dêr wier fan wie, waard de flach wer ynhelle.
Nei de ruilferkaveling fan 1970 is de iisklub oanwiisd op de Broeksterfeart. Spitigernoch is de Broeksterfeart net sa gau fertroud en dêrtroch is it net mear mooglik om as earste in wedstriid te hâlden.
De lêste jierren is der in protte feroare, maf noch altyd is it sa, sa gau't it iis hâldt, is de iisklub warber om in wedstriid te organisearjen. Dan stride de bern fan de leden om de prizen, en as it mooglik is, de leden seIs ek.
Damclub "de Miszet".
De Broekster damklup is oprjochte op woansdei 11 novimber 1936 mei it doel de leden oangenaam en nuttich dwaande te hâlden, it damen better te learen en te spyljen neffens de regels fan de Nederlandsche Dambond. De earste ynlis wie in kwartsje en de kontribúsje wie in dûbeltsje wyks. De leden wienen ferplichte har reedlik te gedragen. De jûn duorre fan san oant tsien oere en as men weibleau sûnder ôfberjocht, krige men in boete fan in kwartsje. As de klup opheft wurde soe, wienen de baten foar sneinsskoalle "Samuël".
De oprjochters wienen S. Pekema, A. Zijlstra en S. Steenstra.
Der wienen yn it begjin 21 leden en de minimum leeftyd wie fêststeld op santjin jier. De tsjerkeried w0e de konsistoarje net ferhiere aan de damklup. Doe kamen de dammers yn it gebou fan sneinsskoalle telâne. De hier dêrfoar wie doe ien gûne wyks. Yn'e mande mei de sneinsskoalle en de Grifformearde Jongelingsferiening waard in fergasser kocht om ljocht te krijen. Meine van der Meulen makke twa tafels en D.E. betelle de dambuorden. De bêste dammers fan de Broek wienen doedestiids R. Hosper, H. Hoekstra en A. Zijlstra. Yn 1937 mochten de dammers foar it skoft net smoke, in regeling dy't yn 1985 op 'e nij ynfierd waard. Yn de winter fan 1939 moast de helte fan de leden opkomme yn tsjinst.
Yn 1943 wie de hear Drijfhout foarsitter. Neffens de doetiidske skriuwer like de foarsitter op in generaal en makke dêrom in protte yndruk op de leden. As foarsitter Net Smoke kommandeare, dan ferdwûnen sigaren en pipen opslach.
Yn 1946 waard skreaun: De kampioen is H. Van der Ley geworden. Deze kalme en wel doordachte speler heeft doen blijken dat hij het waard is om kampioen te heten en zoodanig met een medaille op de borst te mogen pronken. Oan de ein fan elk seizoen hie de klub in feestjûn yn skoalle. De leden fierden dan mei de froulju in toanielstik op.
Yn de begjinjierren is der ek in ring fan damklubs oprjochte dy't bestie út Eagmaryp, Langwar en de Broek. Yn 1947 waard de adspirante-ofdieling oprjochte foar leden tusken de tolve en de santjin jier. De adspiranten hoegden gjin ynlisjild te beteljen mar se mochten ek net stimme. Yn 1948 trouden H. Hoekstra en S. Pekema, se waarden lokwinske troch de oare leden en de hope waard útsprutsen dat de beide mannen net in misset dien hienen. Yn 1949 waarden oandielen fan f 5,- it stik útjûn om banken te keapjen. De opbringst kaam yn it saneamde banke-fûns. Twa jier letter, yn 1951, wie de kontribúsje oprûn nei in kwartsje wyks. Yn dat selde jier koe men ek konsumpsjes krije yn it skoft, in kopke tee. Yn it notuleboek stiet it folgjende dêroer: De schenker was dit jaar dhr. Anne Noppert. Deze kameraad, van nature timmerman van beroep, is in feite een ideale kelner. Het is gewldig hoe sommige leden de slag er van te pakken hebben om nog een schepje suiker machtig te worden. Maar o wee als Noppert de lepert door heeft, hij kan gerust wezen dat zijn rantsoen de volgende week gehalveerd word.Yn 1954 kaam de damklub by it offisjele dambûn. It earste jier wûn de Broek fan Makkum en Achlum, mar fan Langwar waard ferlern. De Broek begûn yn de twadde klas en yn 1987 sit de klub der noch yn.
Yn 1956 ferhuze de damklub nei de konsistoarje want de sneinsskoalle siet nei ien Karel l al fol reek. Yn dat jier krige de klub ek foar it earst subsydzje fan de gemeente om klokken te keapjen. Yn 1957 waard ûnder foarsitterskip fan Drijfhout in wikselbeker ynsteld.
It jier dêrnei hie de damklub hast in ienmansbestjoer nei kreauwerij oer de sinteraasje. Lokkich waard dy krisis oersjochte en koe de feriening fierder mei in folslein bestjoer. De tee yn it skoft waard yn 1961 ferfongen troch kofje. Tagelyk dêrmei waard de kontribúsje ferhege ta trije kwartsjes wyks. Twa jier letter like it derop as soe de feriening it lot diele mei safolle oaren yn it doarp dy't ek krap yn de leden sieten. Mar de takomst waard feilich steld troch it tal leden nei de tweintich te bringen. No yn 1987 sit de damklub noch op dat tal.
Ien seizoen hawwe de Broeksters by it dambûn fan de Súdwesthoeke damme. By dy wedstriden koen en alle leden altyd meidwaan. Mar nei in jier gie de feriening werom nei de Nederlandse Dambond. Doe't de konsistoarje ferboud waard ta doarpshûs, moast de damklub foar in jier útwike nei it Tolhûs op de Jouwer. Dat wie yn it seizoen 1977/78. Alle wedstriden yn it seizoen 1982/83 waarden wûn. Dêrtroch promovearre de Broekster damklub nei de earste klasse, mar dat hat mar ien jier duorre. Yn 1987 is de kontribúsje f 3,- wyks. Dêr sitte dan twa kopkes kofje by yn. Op 7 april 1987 is it fyftichjierrich jubiléum fan de klub fierd mei bowling en in kâld buffet yn bywêzichheid fan de oarehelten fan de leden. De tiisdeitejûnen binne altyd hiel gesellich. Lykwols sakket it ledetal de lêste jierren hiel tiid by bytsjes. It bestjoer bestiet op it stuit út foarsitter M. Drijfhout, skriuwer J. de Glee, ponghâlder Tj. van der Honing en de bysitters A. de Vries en R. R.Halma.  |